Foto: provinsje Fryslân

Einrapport Nulmjitting Kultuermonitor Fryslân presintearre

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
6 april 2023
Woansdei 5 april binne yn Schouwburg De Lawei yn Drachten de resultaten fan de nulmjitting Kultuermonitor Fryslân presintearre. Ut de nulmjitting docht bliken dat Fryslân in belutsen en ferbûne kultuersektor hat. Yn ferliking mei oare provinsjes binne der yn ús provinsje in soad musea, keunstromten, boekwinkels en monuminten. Friezen lêze graach en sa’n 40% fan de Friezen is amateurkeunstbeoefener, sa docht bliken út it einrapport.

In kultuermonitor bringt yn byld hokker tinkbylden der oer keunst binne en fan hokker gegevens kultuerynstellingen en oerheden ferlet hawwe. Om te efterheljen oft der draachflak foar sa’n monitor is en fan hokker data dan ferlet is, hat de provinsje Fryslân in nulmjitting útfiere litten. It ûndersyk bringt ekonomyske, sosjale en kulturele ûntwikkelings fan keunst en kultuer yn Fryslân yn byld.

Deputearre Sietske Poepjes is wiis mei de nulmjitting fan de kultuermonitor. “Fryslân is ryk oan kultuer, wy hawwe in protte kulturele eveneminten en in grut ferskaat oan musea. En dat Friezen kultuerminded binne, dat wisten wy ek wol. Mei dizze nulmjitting en de kultuermonitor kinne we goed byhâlde hoe’t dat allegear yn ’e tiid ferrint”, sa seit Poepjes.

Ynsjoch en hifking
Troch geregeld data te sammeljen oer kultuer yn Fryslân en d data troch de tiid te folgjen, ûntstiet mear ynsjoch yn hoe’t de sektor bydraacht oan de brede wolfeart. Ek is it sa mooglik om effekten fan it provinsjale en gemeentlike belied te hifkjen en op grûn fan dy ynsichten nij, op data basearre belied te ûntwikkeljen.

De Boekmanstichting, het PON & Telos en Pyrrhula Research Consultants hawwe ynterviews ôfnaam mei partijen út it Fryske kulturele fjild. Dy ynterviews binne it fakgebiet bondele: teäter, festivals, musea, kultueramtners, ûndersyk ensfh. Dêrneist is der in benchmark útfierd dêr’t kultuersifers de provinsje tsjin inoar ôfset binne . Ek hawwe ûndersikers rapporten en beliedsstikken trochnaam om in goed byld te krijen fan it provinsjale kultuerbelied. It rapport Nulmjitting Kultuermonitor 2023 is ta stân kaam yn de perioade oktober 2022 oant en mei maart 2023.

Download Volledige rapportage Nulmjitting Kultuermonitor Fryslan