Ferbyn it Frysk mei oare fakken mei de Spoar 8 Temateek en de Fak-Taal-Formule
De Temateek en taalaktiviteiten yn Spoar 8: materialen en lessen
Yn de Temateek kinne learkrêften Fryske materialen fine dy’t passe by tema’s dêr’t sy oan wurkje. De losse materialen foar groep 5 oant en mei 8 – lyaks teksten, ferhalen, flimkes, ferskes, gedichten en spultsjes – binne ferdield yn acht tema’s, dy’t ek wer oanslute by oare fakken op skoalle. Sa kin it Frysk ek oan oare fakken keppele wurde. Lês bygelyks in Frysk gedicht oer ierappels as it oer lânbou giet, besjoch in Frysk filmke oer it Woudagemaal as jim it oer stoommasines hawwe of doch in Frysk spultsje oer fytsen by ferkear. De materialen binne los yn te setten, mar kinne ek brûkt wurde om eigen lessen gear te stallen.
Taalaktiviteiten binne lessen dy’t passe by in tema út de Temateek. Dy taalaktiviteiten wiene der al foar groep 1 oant en mei 4, mar binne no ek beskikber foar groep 5 oant en mei 8. De lessen binne hielendal útwurke, mei foar de learkrêft in oersjoch fan de doelen dêr’t oan wurke wurdt, in ynskatting fan de tiid, wat der nedich is yn de tarieding, in stap-foar-stap-beskriuwing fan de aktiviteit, tips foar differinsjaasje en tips foar ekstra materialen en keppeling oan oare fakken.
Fak-Taal-Formule: in leechdrompelige oanpak mei heech rendemint
Skoallen wrakselje yn de praktyk noch in soad mei it yntegrearjen fan fak en taal wylst dêr grutte winst te beheljen is. De Fak-Taal-Formule, ûntwikkele troch Cedin, giet werom nei de basis: de klam leit op bewustwurding, doelmjittich wurkjen en boarging. Wichtich by de Fak-Taal-Formule is it stellen fan goeie fakdoelen (doelen dy’t te krijen ha mei ynhâld, it tema of it projekt), goeie taaldoelen (doelen dy’t te krijen ha mei it oanlearen fan in spesifike taalfeardichheid) en fansels de útfiering. Dêrtroch is meartalich ûnderwiis in leechdrompelige oanpak mei heech rendemint, ynpasber yn eltse les.
Kombinaasje Temateek en Fak-Taal-formule: maklike ferbining fan Fryske taal mei oare fakken
De ferbining tusken de Fak-Taal-Formule en de Temateek fan Spoar 8 kin maklik lein wurde. De Temateek is in boarne oan Frysk materiaal yn alderhande tema’s en de Fak-Taal-Formule is in wurkwize foar learkrêften om taal- en ynhâldsdoelen op oantreklike en bestindige wize oan inoar te keppeljen. Sa kinne learkrêften en learlingen tagelyk oan fakynhâldlike doelen wurkje en kriget ek it Frysk in natuerlik plak yn de klasse.
Mei de nije ûnderdielen yn Spoar 8 hopet it Underwiis-team fan de Afûk dat noch folle mear skoallen makliker de Fryske materialen fleksibel ynsette sille, op in manier dy’t past by de skoalle; sawol binnen as bûten de Fryske les. Ommers, meartalich ûnderwiis is in geweldige stimulâns foar de taalûntwikkeling fan alle bern!
Skoallen dy’t ynteresse hawwe yn de kombinaasje fan Temateek en Fak-Taal-Formule, kinne in yntroduksjeworkshop oanfreegje fia spoar8@aful.frl of a.soepboer@cedin.nl.