Rely Jorritsma, foto: FLMD

Fiif winners fan Rely Jorritsmapriis 2019

Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
25 july 2019
Twa ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Ik doch it foar dy’ fan Elmar Kuiper út Jorwert en ‘Kimboeëwij’ fan Geert Nauta út Wergea. De winnende gedichten binne ‘Sleau mei lok’ fan Jetske Bilker (Achlum), ‘Wy kinne...’ fan Henk Nijp (Mantgum) en ‘Ik miende’ fan Remco Kuiper (Goutum).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach wiene 81 ynstjoeringen ynkommen, te witten 56 gedichten en 25 ferhalen. De sjuery bestie út Karen Bies, Douwe Kootstra en Inge Heslinga. De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 5 oktober útrikt yn it doarpshûs te Weidum.