Ynspiraasjedei Wy binne mbû – 11 oktober 2023. Foto: Firda

Firda wurket oan praktoraat meartaligens yn it mbû

Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
12 oktober 2023
Firda sjocht serieus nei it ynstellen fan in nij praktoraat op it mêd fan meartaligens en taalûntwikkeling yn it mbû. In wichtich ûndersyksterrein is dan it Frysk, om dêr lessen út te lûken nei de praktyk fan it ûnderwiis. ‘Zo verbinden we ons mbo nog beter aan wat van groot belang is in deze regio’, stelde bestjoersfoarsitter Remco Meijerink fan Firda woansdei op de drokbesochte Ynspiraasjedei ‘Wy binne mbu’ yn Ljouwert.

Alle oandacht foar taal thús en op it wurk op Ynspriraasjedei
Goed twahûndert dosinten en meiwurkers fan Firda en Aeres wiene woansdei 11 oktober yn Neushoorn in hiele dei byinoar om ûnderfining út te wikseljen en plannen te meitsjen foar alle ambysjes op it mêd fan brede foarming en boargerskip. Dan giet it gau om ferbining fiele mei je omjouwing. En dêryn is taal tige wichtich. ‘Taal kan je raken’, stelde Meijerink. ‘Dat gaat veel verder dan wat je moet leren voor je vak. Daarin ligt dan ook een belangrijke opdracht voor ons mbo.’

Feardichheid yn taal – yn petearen en lêzen – hat in soad ynfloed op kânsen yn ’e maatskippij. ‘Een student die de moedertaal goed beheerst, staat bij de start in het onderwijs al met 1-0 voor’, stelde ynstellingsdirekteur Truda Kruijer fan Aeres. Dat jildt foar allerhande talen, mar yn dizze regio seker foar it Frysk. Op allerhande plakken yn de maatskippij én yn it wurk… Sa docht bliken yn ûndersyk dat 60 persint fan de minsken hjir geregeld yn oanrekking komt mei it Frysk.

Wy binne mbû 
Taal is in wichtich ûnderdiel fan de identiteit fan in regio. Dêryn lei dan ek in wichtige link mei boargerskip. Meartaligens en it belang fan in iepen blik nei alle diversiteit yn de maatskippij wie dan ek in liedend tema yn dizze Ynspiraasjedei, dy’t yn it teken stie fan ‘Wy binne mbû’. Dat is in gearwurkingsferbân tusken Firda, Aeres en Afûk en is ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030. De partijen wurkje gear oan de ûntwikkeling fan it Frysk en meartaligens binnen it mbo.

By meartaligens giet it om allerhande talen en it besef dat it – ek yn in berop – goed is om dy oan te passen. Nei Frysk, mar ek Ingelsk of Dútsk as de situaasje dêrom freget. In praktoraat by Firda kin dêr in rol yn spylje om kennis te sammeljen en nije inisjativen oan te jeien. ‘Het sluit aan bij onze inzet op taalvaardigheid als een stevige basis voor de verdere ontwikkeling van studenten’, sa seit Meijerink. ‘We zijn hierover in overleg met Den Haag en hebben goede hoop dat het gaat lukken.’

Utwikselje
Yn ferskate workshops as ‘Tûk taalgebrûk yn de beropspraktyk’, ‘Meartalige Bookzines! Yung Frysk’ en ‘De kracht en kwetsbaarheid van onze identiteit’ koene dosinten middeis op de Ynspiraasjedei rom ûnderfiningen útwikselje en ynspiraasje opdwaan. Yn in training foar in ynternasjonale front office wie it belang fan meartaligens hiel taastber. Slot wie in ferrassing foar Aeres yn Snits, dat in design boekekast – ûntwurpen troch Sibe Jan Kramer en makke troch twa Firda-studinten – meikrige. Sa komme der mear, fol mei boeken. Want: Taal ferbynt, thús en op it wurk. En yn it ramt fan meartaligens: Lêze is tinken mei in oar syn holle.

Moarns ferkenden dosinten boargerskip fan Firda mei-inoar hoe’t sy yn de mbû-kolleezjes harren fak foarm en ynhâld jaan kinne, ynspirearre troch de fyzje dy’t dêroer foar de skoalle dellein is. In fisy dy’t hiel goed past by de lanlike ambysjes, stelde Luuk Kampman as erkend spesjalist yn dit fakgebiet. Yn lytsere groepen hiene dosinten alle romte om dy ambysjes oer te setten nei praktyske plannen foar elk mbû-kolleezje, om dy dêrnei ek wer mei-inoar te dielen. In tige slagge Ynspiraasjedei!