Foto: Istock

Foarlêze yn it Frysk docht fertuten

Oer it Frysk
8 maart 2019
Dat foarlêzen goed is foar de taalûntwikkeling fan bern, dat wisten we al. It is dan ek de minst ynteressante útkomst fan in ûndersyk dat Evelyn Bosma en Elma Blom dizze moanne publisearren yn it Journal of Child Language

Mar, yn it ûndersyk fan Bosma en Blom giet it benammen om de ferlyking tusken it Nederlânsk en it Frysk yn twatalige gesinnen. En wat docht bliken: foarlêzen hat benammen effekt as dat yn it Frysk bard. Net alline de wurdskat groeit dan, mar ek de wurdbou. Lês it artikel hjir of lês hjir it artikel dat der oer op 25 maart 2019 yn de Ljouwerter krante ferskynde.