Foarstelling ‘Bijke’ foar studinten en kliïnten Fryske beropsopliedings
Bijke giet oer allinne wêzen en mei-inoar wêzen, miskien sels wol oer freonskip.
Agnes wennet al jierren yn itselde buertsje as René, mar net ien wit wêr’t sy har mei dwaande hâldt. Ze libbet weromlutsen en ôfsûndere. Agnes bemuoit har mei net ien en lit har net bûten sjen. As har hûn Bijke op in dei de oandacht lûkt, fynt René Agnes langút lizzend op de flier yn de keuken. Hy is noch mar krekt op ‘e tiid. Agnes wurdt mei in ambulânse nei it sikehûs brocht en Bijke belânet by René.
Nei de foarstelling geane studinten mei kliïnten yn petear oer dit wichtige tema. By de earste foarstelling by ROC Friese Poort yn Ljouwert smiet dat al moaie, persoanlike en soms sels emosjonele petearen op. De kommende wiken sil de foarstelling ek noch spile wurde by oare lokaasjes fan ROC Friese Poort, ROC Friesland College en NHLStenden.