Folle seal by presintaasje kadoboek ‘Rosmos’ op Frysk Boekebal yn Neushoorn

Boeken fan Fryslan Frije tiid
3 maart 2019
Skriuwer Willem Schoorstra oerhandiget earste eksimplaar oan deputearre Sietske Poepjes.

Mei it Frysk Boekebal yn Neushoorn, en de presintaasje fan it kadoboek Rosmos dêre troch Willem Schoorstra, is de Moanne fan it Fryske Boek fan start gien. Sa’n 250 gasten wienen oanwêzich yn de Ljouwerter poptimpel, dêr’t ek tattoo-artyst Rinto Bekkema en de band Junkyard Dogs op it poadium stienen.

Mei it Frysk Boekebal is de ôftraap jûn foar in moanne fol aktiviteiten om it Fryske boek hinne. Sa toert skriuwer Willem Schoorstra dizze hiele moanne mei Jack Bottleneck troch de provinsje.

De ôfsluting fan de Moanne fan it Fryske Boek fynt plak op sneon 30 maart yn de eardere Ljouwerter synagoge, mei optredens fan skriuwer Jan Siebelink, oersetter fan it boekewikegeskink ‘Jas fan belofte’ Jetske Bilker, Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja en Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga.

Oer Rosmos
Rosmos is in spannende en humoristyske roman dy’t him ôfspilet yn de ‘ûnderklasse’ fan de maatskippij. Fol faasje nimt Willem Schoorstra de lêzer mei yn in ferhaal oer frouljushannel, moard, loyalens en komôf. Oer it opwaarmjen fan djipfriessatee yn in wettersieder. Oer seks as jierdeikado yn it ramt fan in famyljetradysje.

Yn de Moanne fan it Fryske Boek (2-31 maart) krigest Rosmos fergees by € 12,50 oan boeken!

Boeken fan Fryslân
De Moanne fan it Fryske boek wurdt organisearre troch Boeken fan Fryslân. Boeken fan Fryslân. is in promoasjekampanje foar alle Fryske skriuwers en útjouwers om mear minsken Fryske boeken lêze te litten. Sjoch ek www.boekenfanfryslan.frl.