‘Fries leesoffensief’ set skouders ûnder stimulearjen lêsplezier en lêsfeardigens
Minsken en benammen jongeren hawwe hieltyd minder wille yn lêzen. Dat hat grutte gefolgen foar de taalfeardigens. Undersyk lit sjen dat in kwart fan alle 15-jierrigen net genôch taalfeardich fan skoalle giet en dat lêsplezier ûnder Nederlânske jongerein it leechst is yn ferliking mei bern út oare lannen. Dêrneist stiet Fryslân yn de top 3 fan provinsjes mei it heechste tal minsken dy ‘t net goed lêze en skriuwe kinne. Dit is in probleem, want wa ‘t troch lege taalfeardigens net goed meidraaie kin, rint it risiko útsletten te wurden fan foarsjennings, wurk en sosjale foarsjennings en kin net goed meidraaie yn de demokrasy.
Maatskiplike útdaging
It giet om in maatskiplik probleem dat we allinnich mei-inoar oplosse kinne. Binnen it Fries Leesoffensief is dêrom in lêskoälysje foarme mei wichtige Fryske partners dy ’t de kommende jierren lêsinisjativen ûntwikkelje sille. Dêrneist is der in Ried fan Ynspiraasje foarme dêr ‘t kommissaris fan de Kening de hear drs. A.A.M. Brok de foarsittersrol ferfollet. Sy sille harren eigen netwurk ynsette en wurkfjilden ferbine om de ambysje fan it Fries Leesoffensief wier te meitsjen.
Lêsplezier is de earste stap
It stimulearjen fan lêsplezier is de earste stap en yngong nei mear lêsfeardigens. Wa ‘t graach lêst, lêst mear en ast mear lêst wurdst better yn lêzen. Om dy reden wol it Fries Leesoffensief in lêsbeweging op gong bringe dêr ‘t lêsplezier in sintrale rol yn spilet.
It Fries Leesoffensief is in inisjatyf fan de Fryske Biblioteken en FERS. Partners binne CSG Bogerman, Firda, gemeente Ljouwert, Cedin, NHL Stenden Hogeschool, Provinsje Fryslân, PCBO Leeuwarden, Tresoar, Fryslân Werkt, Leeuwarden City of Literature en Afûk.
Mear ynformaasje: www.friesleesoffensief.nl.