Lân fan taal wie yn 2018 in wiidweidich programma mei aktiviteiten, foarstellings, keunstwurken, útstallings en romtlike ynstallaasjes yn Ljouwert en Fryslân. De útgongspunten: alle talen binne gelyk en taal is sûnder grinzen. Organisaasjes, taalprofessionals en besikers waarden oproppen mei te dwaan. Om talen libje te litten, om mei taal te boartsjen en dy út te sprekken. Bliuwend resultaat fan Lân fan taal wie al taalpoadium Obe op it Aldehoustertsjerkhof yn Ljouwert. Sjoch op www.leeuwardencityofliterature.nl foar de aktiviteitenaginda.