Fryske muzyk is der foar alle leeftiden en yn alle soarten en maten. Fan troubadours oant koaren en fan berneferskes oant punkrock. 

De Kast soarge yn 1997 mei de hit In Nije Dei foar in lannelike trochbraak fan Frysktalige muzyk, mar derfoar en dêrnei songen in protte artysten al yn it Frysk of in Fryske streektaal. De website streektaalzang.nl jout in moai oersjoch.

Alle jierren wurdt it songfestival Liet hâlden, wêrby de dielnimmers yn it Frysk of in streektaal út Fryslân sjonge moatte. Bekende winners fan Liet binne Twarres, Nynke Laverman en Adri de Boer.

Foar bern is der it Sjongfestival, wêrby it de bedoeling is dat bern mei de hiele klasse in Frysktalig liet skriuwe en útfiere.

De HaFaBra-muzykwrâld (Harmonie, Fanfare, Brassband) is grut yn Fryslân, in protte minsken fine it moai om mei te spyljen of te harkjen nei dizze muzyk. Sjoch foar mear ynformaasje oer ferienings en konkoersen bij de Organisatie van Muziekvereningen Fryslân.

Alles oer en muzyk fan Fryske komponisten is te finen yn it Frysk Muzyk Argyf.

Sjoch ek ûnder it kopke muzyk/sjonge op ús eigen website.

Fansels wurdt der yn Fryslân ek yn in hiel soad oare talen as it Frysk muzyk makke. Stichting Friesland Pop stipet de popmuzyk yn Fryslân troch it organisearjen fan talinteprojekten, it oanbieden fan ynformaasje en ûntwikkeljen fan de popynfrastruktuer.

Ek wat festivals oanbelanget kinst yn Fryslân ‘te kust en te keur’. It giet te fier om hjir alle festivals te beneamen mar sjoch ris yn de eveneminte-aginda op friesland.nl, de online aginda VanPlan of googleje gewoon ris op (pop)festivals Fryslân. Altyd priis!