Tryater is it yn 1966 oprjochte beropsselskip, dat ek Frysktalige produksjes foar it fuotljocht bringt. In fenomeen yn it Fryske amateurtoaniel binne de iepenloftspullen. In soad Fryske doarpen hawwe har eigen toanielferiening en tusken dat alles troch wurdt der op allerhanne plakken, op allerhanne wizen en troch allerhanne minsken teäter makke, troch profesjonals en amateurs. Hiel faak yn it Frysk.
Nijsgjirrige links: Keunstwurk, Staf Fryslân (St. Amateurtoaniel Fryslân), StUFT (St. Utjouwerij Frysk Toaniel), Jeugdtheaterschool Meeuw, Pier21, teatergroep Sult. Ek nijsgjirrich om te lêzen: it Historisch Tijdschrift Fryslân makke jierren lyn in hiel nûmer oer it fenomeen Frysk toaniel.
Foar in oersjoch van aktuele foarstellings en poadia sjochst hjir.
Binnen de provinsjale regeling foar it oersetten fan literatuer is it ek mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it oersetten fan in toanielstik nei it Frysk mar der is ek subsudzje mooglik foar it skriuwen fan oarspronklik Frysk wurk.