Deropút yn Fryslân is mear as de muoite wurdich. Wy jouwe hjir in oersjoch fan (typysk) Fryske en (Frysk)talige aktiviteiten en/of eveneminten mar fansels is der yn Fryslân noch folle mear te dwaan en te belibjen. In soad wille tawinske!    

Ljouwert-Fryslân 2018-2028

Yn 2018 wie Ljouwert-Fryslân kulturele haadstêd fan Europa. De hiele provinsje brûze noch mear as oars! En dat giet fierder mei Ljouwert-Fryslân 2028. Op www.lf2028.eu lêst der alles oer. Op www.friesland.nl kinst ynspiraasje opdwaan foar leuke aktiviteiten, in deike fuort of sels in hiele fakânsje.

Lân fan Taal / City of Literature

Lân fan Taal wie in wichtich ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018. In protte ynstituten, ynstellings en minsken yn Fryslân en (fier) dêrbûten arbeiden yn Lân fan Taal mei-inoar op om it ferskaat fan taal in takomst te jaan. Lân fan taal hat yn 2020 in ferfolch krigen mei de beneaming fan Ljouwert as City of Literature. Mear

Toaniel en teäter

Fryslân hat in brûzjend Frysktalich kultureel libben fan berops- en amateurkeunstners. Sa is de provinsje fan âlds ryk oan toanielselskippen. Mear

Muzyk

Fryske muzyk is der foar alle leeftiden en yn alle soarten en maten. Fan troubadours oant koaren en fan berneferskes oant punkrock.  Mear

Sport

Fryslân is ryk oan tradisjonele sporten. Sa wurdt der simmerdeis in soad keatst en fierljept, is der yn de boufak 3 wiken lang skûtsjesilen en kenne wy ek de tinksport Frysk damjen. Mear

Musea

Yn Fryslân binne in hiel soad musea dy't fertelle oer de (lokale) skiednis en omjouwing en dy't keunst of samlingen tentoanstelle. Wy ljochtsje hjir 3 musea út dy't gean oer de skiednis fan Fryslân en it Frysk: it Fries Museum, it Gysbert Japicxhûs en museum Hert fan Fryslân yn Grou. Apart omtinken jouwe we hjir ek oan Tresoar. Net echt in museum mar wol it bewarplak fan de Fryske skiednis yn Ljouwert. Mear

Winkelje

Yn de Afûk boek- en kadowinkel kinst terjochte foar Fryske boeken, sawol foar folwoeksen as bern, mar ek foar kreamkadootsjes, klean en sûvenirs mei in Frysk tintsje. Boppedat binne der Frysktalige cd’d, dvd’s en games te krijen. En wa’t gek is op Tomke hat yn de winkel ek kar-út!De Afûkwinkel is te finen oan de Bûterhoeke 3 yn Ljouwert, mar ek yn de webshop is alles te krijen.

Yn de Leeuwarden Cityguide fynst in moai oersjoch fan wat der allegear yn Ljouwert noch mear te shoppen mar ek te sjen, te dwaan en bygelyks te iten is.