Foto: iStock

Frijwilligers socht foar ynsprekken Fryske sinnen

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
9 oktober 2020
Ynwenners fan Fryslân en Friezen om utens hawwe mei-inoar al 29 oeren oan Fryske sinnen ynsprutsen foar it projekt Mozilla Common Voice. Apps op de telefoan binne hieltyd faker oan te stjoeren mei spraak. Dat kin faak yn it Ingelsk of Nederlânsk mar net yn it Frysk. It projekt Mozilla Common Voice moat dêr feroaring yn bringe.

Deputearre Sietske Poepjes: “Ek foar de Fryske taal is it wichtich om mei te dwaan yn de digitale wrâld. Frysk type op de telefoan kin al mei handige apps lykas Gboard of Swiftkey. Mar hoe moai soe it wêze as wy aanst gewoan Frysk prate kinne tsjin Google Home of Siri?”

voice.mozilla.frl
Fryskpratende boargers kinne online sinnen ynsprekke op de webside: voice.mozilla.frl. Dat kin ienfâldich fia de telefoan, tablet of kompjûter. Ferskillen yn regionale útspraak binne gjin probleem. Dat is krekt wichtich by it opbouwen fan de dataset. Sa is it ek wichtich dat er sawol mannen- as frouljusstimmen opnommen wurde.

It doel is om úteinlik sa’n 300 oeren sprutsen Frysk te sammeljen. Mei dy dataset kin bygelyks in technologybedriuw spraakstjoerde tapassingen foar de Fryske taal meitsje. De provinsje Fryslân wurket foar dit projekt gear mei de Afûk, Bibliotheken Fryslân, Fryske Akademy, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Rijksuniversiteit Groningen en Tresoar.