Fryske Boekewike 2021

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
26 febrewaris 2021
Fan 6 oant en mei 14 maart is it Fryske Boekewike. Spesjaal foar dy gelegenheid skreau Hilda Talsma it Frysk Kadoboek 2021: Lockdownleafde, in spannend en humoristysk ferhaal mei in gastrol fan Connie (Onnie) Kamstra. Krigest it de hiele wike fergees by oankeap fan in boek yn dyn (online) boekwinkel.

Panhuys is de populêrste klup fan Ljouwert. Dat komt foaral troch eigener en DJ Ewald, dy’t de sfear ta grutte hichten wit te bringen. Mar dan komt koroana. It lân leit plat, de klup moat slute en Ewald is syn hâldfêst kwyt. As er syn suster helpt mei de húshâlding, docht bliken dat er dêr tige slach fan hat en al gau bedarret er ek op oare plakken. Wylst er sa goed mooglik syn bêst docht, komt er troch ferskate froulju yn yngewikkelde situaasjes telâne.

Hilda Talsma (1971) is in skriuwster mei in flotte pinne, dy’t har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid en Wyn fan de winners. Yn De Onnie’s en it hynstebal komme personaazjes út al dy romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen ûnder it bêd.

Oftraap Fryske Boekewike op telefyzje
De feestlike ôftraap fan de Fryske Boekewike 2021 wurdt op sneontejûn 6 maart om 20.00 oere semi-live fanút de Westertsjerke yn Ljouwert útstjoerd op Omrop Fryslân telefyzje. Spesjale gast yn it programma is – fansels – Hilda Talsma. Fierder binne der optredens fan Sjoerd Bottema, Jaap Louwes, Elske Schotanus, Hein Jaap Hilarides, Emiel Stoffers, Geart Tigchelaar en Elmar Kuiper, is der muzyk fan it duo Weima & Van der Werf en binne der nijsgjirrige ynterviews mei Eveline Aendekerk (direkteur CPNB), Ad Peek (Van der Velde boekhannels) en Alex de Jager (direkteur Afûk). De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Karen Bies.

De hiele wike it Kadoboek fergees!
Yn de websjop fan de Afûk ha wy alfêst in moaie seleksje boeken foar dy klear setten. By dizze, mar ek by alle oare boeken dytsto dizze wike keapest krigest it Kadoboek, Lockdownleafde fan Hilda Talsma, der gratis by. En om it noch moaier te meitsjen betellest yn de Fryske Boekewike by bestellings yn de Afûk websjop gjin ferstjoerskosten! Of meitsje in ôfspraak en kom by ús lâns yn ús rom sortearre boek- en kadowinkel oan de Bûterhoeke 3 yn Ljouwert. Lês hjir hoe’t dat wurket.

‘Een week vol boeken: het voorwoord van de Boekenweek’
De Nationale Boekenweek wurdt yn ferbân mei koroana ferpleatst nei in momint yn de simmer. Ynstee dêrfan organisearret it CPNB yn de wike fan 6 oant en mei 14 maart ‘een week vol boeken: het voorwoord van de Boekenweek’ mei û.o. in grut literêr online programma en publyksaksjes om de boekhannels te stypjen. It Boekenweekgeschenk dat skreaun is troch Hanna Bervoets, ferskynt dan yn de simmer yn de échte Boekenweek as boekhannels en bibleteken wer iepen binne.  Yn gearwurking mei it CPNB wurdt it nasjonale boekewikegeskink ek dit jier wer útjûn yn it Frysk. Baukje Zijlstra fersoarge de oersetting. Dy Fryske edysje ferskynt tagelyk mei de Nederlânske útjefte. Mear ynformaasje oer ‘het voorwoord van de Boekenweek’ en de Nationale Boekenweek fynst op www.cpnb.nl.