Fryske Keamerleden wolle de Fryske taal klinke litte yn de plenêre gearkomsteseal
It debat giet oer it Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer (BFTK) en is oanfrege troch D66-Twadde Keamerlid Romke de Jong fan De Gordyk en Stieneke van der Graaf fan de ChristenUnie. Sy fregen it debat oan omdat minister Hanke Bruins Slot fan Ynlânske Saken moannen wurk hie om antwurd te jaan op Keamerfragen oer it Frysk.
De Jong en Van der Graaf hiene op it lêst harren nocht en fregen in saneamd Twaminutedebat oan mei stipe fan oare Fryske Keamerleden as Habtamu de Hoop (PvdA) en Harry Bevers (VVD).
Rekôr Frysk praten
Om it belang fan it Frysk te ûnderstreekjen, sille Keamerleden as De Jong en syn CDA-kollega Harry van der Molen tongersdei Frysktalige moasjes foarlêze en yntsjinje en dat betsjut dat it Frysk dan folop klinke sil yn de gearkomsteseal, alteast as de foarsitter fan de Twadde Keamer dêr gjin stokje foar stekt.
Dat lêste bliuwt noch wol even spannend, fertelt De Jong. “Yn it reglemint fan it parlemint stiet net dat Frysk prate mei, mar der stiet ek net dat Frysk prate net mei.”
Neffens De Jong is yn de Twadde Keamer oant no ta noait mear ‘as in pear wurden Frysk achterinoar’ sprutsen. Hy tinkt dêrom dat in rekôr Frysk praten yn de Twadde Keamer der wol yn sit. Hy wol sa bydrage oan de bewustwurding dat njonken de provinsje Fryslân ek it Ryk ferantwurdlik is foar de Fryske taal en kultuer.
It Keamerdebat is tongersdei fan 15.10 oere ôf streekrjocht te folgjen op de webside en app fan Omrop Fryslân.
Lês dit artikel fierder op de website fan Omrop Fryslân.