Escaperoom Anno N. MBO studenten pedagogyk 2, foto: Afûk

Fryske MBÛ’s krije jild foar Frysk ûnderwiis

Leare & ûnderwiis Op it wurk
21 juny 2021
Der is goed nijs foar de MBÛ-skoallen yn Fryslân. De kommende trije jier stelt it ministearje fan OCW alle jierren 100.000,- euro foar Frysk ûnderwiis beskikber. It jild kinne skoallen brûke om lesmateriaal oan te tugen. De provinsje Fryslân ferdielt it jild oer de MBÛ-skoallen.

Foar de basisskoallen en it fuortset ûnderwiis yn Fryslân is al in tal jierren jild foar Frysk ûnderwiis beskikber. Fia de Materiële ynstânhâlding Frysk (MYF) kinne de skoallen alle jierren foar in beskaat bedrach lesmateriaal foar Frysk ûnderwiis oanskaffe. Sa’n finansjele kompensaasje bestie lykwols noch net foar it MBÛ. Dêr is it Frysk gjin ferplicht fak, mar de learlingen krije letter faak wol op it wurk likegoed as privee mei it Frysk te meitsjen.

MBÛ-studinten koene de ôfrûne jierren al foar in kardiel Frysk kieze. De lêste tiid kriget it Frysk in bettere posysje yn it fêste lesoanbod en yn staazjes. Mei it projekt Taalplan Frysk 2030 wol de provinsje Fryslân it Frysk yn it Mbû foar alle MBÛ-studinten noch fierder ferstevigje.

De provinsje Fryslân hat it ôfrûne jier meardere kearen mei it ministearje fan OCW oer de mooglikheden foar in finansjele kompensaasje foar it Mbû praat. Taaldeputearre Sietske Poepjes is optein: “Frysk ûnderwiis is tige wichtich foar de taalûntwikkeling en boppedat helpt it ús jongerein at se letter yn Fryslân te wurkjen gean. Dêrom wolle wy Frysk ûnderwiis fan pjut oant heger ûnderwiis.”

Mei de nije regeling foar it MBÛ follet it ministearje ien fan de ôfspraken út de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer yn.

Bron: provinsje Fryslân