Fryske mbû’s sette skouders ûnder it Frysk
Deputearre Sietske Poepjes is ynnommen mei de plannen: ‘It middelber beropsûnderwiis is in wichtige ûnderwiissektor yn Fryslân. Sawat 70% fan alle ynwenners yn Fryslân mei in (berops)diploma hat in mbû-eftergrûn. It grutste part fan de mbû-studinten yn Fryslân sil wenjen en wurkjen bliuwe yn de regio. Krekt dêrom is it wichtich om binnen harren beropsoplieding goed omtinken te hawwen foar de meartalige sitewaasje yn Fryslân, mei dêrby in grutte rol foar de Fryske taal.’
Frysk yn it bedriuwslibben
It belang fan it Frysk docht ek bliken út resint ûndersyk fan E&E advies (2020) nei de posysje fan it Frysk yn it bedriuwslibben. Wurkjouwers jouwe oan dat by 54% fan de bedriuwen meiwurkers faak oant hiel faak yn kontakt komme mei it Frysk yn relaasje ta de klanten. Sa’n 76% fan de bedriuwen jout ek oan dat sy it ferstean fan it Frysk troch harren wurknimmers wichtich fine. Dêrmei hat it Frysk yn it ekonomysk ferkear in wichtige posysje.
Studinten sille yn harren mbû-oplieding op ferskillende wizen yn ’e kunde komme mei it Frysk. Sa wurkje de studinten oan taalbewustwêzen en taalhâlding oan ’e iene kant en oan taalfeardichheden Frysk oan ’e oare kant. De eigen beropspraktyk fan de yndividuele studint stiet dêrby sintraal.
Taalplan Frysk 2030
Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân. Mei it Taalplan Frysk wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Lês mear op www.taalplan.frl.