Fryske Pippi Langkous yn pear wike tiid oan twadde printinge ta
Ernst Bruinsma fan útjouwerij Afûk: ‘Prachtich nijs. Minsken hawwe ferlet fan ûntwapenjende ferhalen, dat docht mar wer bliken. Dat it boek oanslaan soe by de Fryske lêzers, wisten wy eins al by de earste stikjes oersetting dy’t Martsje de Jong by ús ynlevere. De Fryske taal past by de ferhalen fan Pippi sa’t Tommy en Annika by har passe.’
De ‘Fryske Pippi’ is útbrocht ta eare fan de 75ste jierdei fan it sterkste famke fan de hiele wrâld. Yn de Fryske edysje fan Pippi Langkous stean de dielen ‘Pippi Langkous’, ‘Pippi Langkous giet oan board’ en ‘Pippi Langkous yn Taka-Tukalân’. De oersetting is makke troch Martsje de Jong.
Mear ynformaasje en bestelle: www.websjop.afuk.frl.