Gean ‘los’ mei it BoekfeestBoek
De winner wurdt op it feest sels bekend makke en hy/sy mei dan syn of har ferhaal foardrage foar it publyk. Dat betsjut dus fuort in live-optreden mei oare Fryske skriuwers lykas Douwe Kootstra, Hein Jaap Hilarides, Greet Andringa, Aant Jelle Soepboer, Elmar Kuiper dy’t dêr jûns al stean om in koart ferhaal hearre te litten. Dêrneist kriget de winner in boekepakket en wurdt it ferhaal publisearre. Ynstjoeringen moatte op syn lêst sneon 4 septimber (!) binnen wêze op it e-mailadres ynfo@boekenfanfryslan.frl en foarsjoen wêze fan namme en kontaktgegevens.
Elkenien is freed 10 septimber om 20.00 oere wolkom yn paviljoen MeM yn Bûtenpost! Tagong fergees.