Grut berik foar #DêromFrysk kampanje

Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
8 maart 2021
De kampanje #DêromFrysk mei in grut sukses neamd wurde. De kampanje fûn plak fia ferskillende platfoarms en dat hat der mei foar soarge dat in soad minsken berikt binne. It útgongspunt fan #DêromFrysk is om learlingen yn it fuortset ûnderwiis entûsjast te meitsjen om foar Frysk as eksamenfak te kiezen. Mei help fan bekende Friezen en in ynnovative ynset fan digitale middels wurde de learlingen oansprutsen en útdage om nei te tinken oer de kar foar it Frysk yn de boppebou.

Hey Google!
De moaiste sifers komme fan de telefoantsjes nei Google Assistant, omdat dy aksje de heechste drompel hat. Der binne op it stuit al 1501 telefoantsjes binnenkaam. Omdat de doelgroep sels in protte dwaan moat om by de ynformaasje komme te kinnen, geane wy derfan út dat sy ek wier ynteresse hawwe.

De promofideo is ynset fia Google en Facebook en is yn totaal 126.633 kear besjoen. Jesse van Wieren hat noch in begeliedende TikTok pleatst, dy’t 129.000 kear besjoen is.

Bekende Friezen
Der hawwe ek bekende Friezen meidien dy’t faaks net direkt de doelgroep, mar wol de âlden fan de doelgroep oansprekke. Dêrmei soe #DêromFrysk ek oan de iterstafel bepraat wurde kinne.

Alle bekende Friezen hawwe de fideo op harren eigen kanaal dield. Ferspraat oer ferskillende platfoarms is de kampanje yn totaal 37.597 kear werjûn.

Mediaberik
Fia hast alle mediakanalen hat #DêromFrysk omtinken krigen. Der hawwe reportaazjes west op Omrop Fryslân en by Shownieuws, ynterviews op ferskate radiostjoerders en fansels oandacht yn papieren en digitale kranten. De útstjoering fan Shownieuws wie sneon 13 febrewaris te sjen op telefyzje, Shownieuws behelle dy jûn in merkoandiel fan 16.7%.

Provinsjaal joegen ûnder oare Rtvnof.nl, Grootheerenveen.nl en Lc.nl omtinken oan #DêromFrysk. Lanlik wienen it ûnder oare RTLnieuws.nl en RTLBoulevard.nl dy’t dat dienen.

Ynterviews op radio wienen der by RTV NOF, Radio Spannenburg, Stax & Toine (NPO Radio 1), De Wild In De Middag (NPO Radio 2), BertOp5 (NPO Radio 5) en Omrop Fryslân.

Fan no ôf is it materiaal fan de kampanje ek te brûken as foarljochtingsmateriaal binnen Searje 36, hjiroer hawwe alle skoallen persoanlik berjocht hân.