Foto: iStock

‘Grutsk op Greidefûgels’ winner Fryske reklamepriis 2018

Frije tiid Oer it Frysk
22 july 2019
De reklamespot 'Grutsk op Greidefûgels' is de bêste Fryske reklame fan 2018. De reklame is makke troch Merlin Producties yn opdracht fan in kollektyf fan boere- en natuerorganisaasjes om boeren der op te wizen goed op de greidefûgels te passen.

Neist ‘Grutsk op Greidefûgels’ wienen noch twa oare reklames nominearre, ‘Wy hâlde fan netsjes’ fan Aquacell en ‘De fytsesaak fan Joop Zandberg’. ‘Grutsk op Greidefûgels’ hat 75% fan de stimmen krigen.

De reklamepriis hat as doel om it brûken fan de Fryske taal yn reklame-uteringen te stimulearjen. De priis is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging.