Gysbert Japicxpriis 2023 foar Jetske Bilker

Boeken fan Fryslan Oer it Frysk
11 septimber 2023
De Gysbert Japicxpriis wurdt dit jier oan skriuwster Jetske Bilker takend. Se krijt de priis foar har roman Spegel en sonde. De priis wurdt op sneon 14 oktober troch deputearre Eke Folkerts útrikt. Neffens de advyskommisje hat de skriuwster mei har roman in 'fakkundich literêr wurkstik ôflevere'. It tema demintens wurdt op oangripende wize mei in flotte fertelstyl en humor beskreaun.

Gysbert Japicxpriis
De Gysbert Japicxpriis is de heechste literêre ûnderskieding foar oarspronklik Frysk literêr wurk en wurdt sûnt 1947 útrikt. De priis wurdt takend troch Deputearre Steaten fan Fryslân dy’t har advisearje litte troch in advyskommisje. De twajierlikse priis is om en om foar Frysk(e) proaza en poëzy en neamd nei Gysbert Japicx (1603-1666). Dy skriuwer út Boalsert wurdt sjoen as de grûnlizzer fan it Frysk as moderne skreaune taal. De advyskommisje fan dit jier bestiet út Jelma Knol, Rieuwert Krol, en Jarich Hoekstra. Se hawwe proaza beoardiele dat yn de perioade 2019-2022 publisearre is.

Jetske Bilker
Jetske Bilker is yn 1960 berne yn Seisbierrum. Se debutearre yn 1988 mei har roman Imitaasjelear (yn 1990 bekroand mei de Fedde Schurerpriis) en de roman It libben fan in oar (2012) waard yn 2015 foar de Gysbert Japicxpriis nominearre. Se sette ek ferskate boeken oer yn it Frysk.

Oer de útrikking
De Gysbert Japicxpriis wurdt sneon 14 oktober yn de Martinitsjerke yn Boalsert útrikt. De priis bestiet út in oarkonde, € 10.000,- en der komt € 5.000,- beskikber om it wurk oersette te litten. Op 14 oktober wurdt ek de Lytse Gysbert Japicxpriis útrikt, de priis foar it bêste Fryske gedicht troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân.