It ‘fergetten wurd’ fan 7 oktober

Frije tiid Oer it Frysk
7 oktober 2021
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Tongersdei 7 oktober gie it oer it wurd 'krebintich'.

Krebintich: (troch âlderdom) stiif, de lidden stiif bewegend. Yn it Nederlânsk: stram, stijf.

Ald en krebintich: oud en stijf.
Hy praat krebintich Frysk: hy praat stiif Frysk, net linich.
Ik bin sa krebintich as in kroade. (ik bin hiel stram/stiif).

Yn it wurd ‘krebintich’ fine wy ‘bint’ werom. ‘Bint’ of ‘bynt’ is de dakbalkekonstruksje yn benammen pleatsen en gebouwen. In stevige, stive konstruksje dus. Nei alle gedachten komt dêr it wurdt ‘krebintich’ ek wei. Sa stiif wêze as it bynt fan in hûs of gebou. Sa’n houten konstruksje wol ek noch wolris kreakje, dat miskien hat dy assosjaasje ek noch meiholpen.

It bynt sels wurdt ek wolris brûkt as oantsjutting fan it liif: ‘sy wie gjin geef bynt’ betsjut dan ‘sy hie in swak gestel’.

Mear fergetten wurden
Tongersdei 28 oktober is der wer ín ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.