Foto: Istock

It ‘fergetten wurd’ fan 8 july

Frije tiid Oer it Frysk
8 july 2021
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Tongersdei 8 july gie it oer it wurd 'Halje-trawalje'.

Halje-trawalje
Halje-trawalje: sûnder dat men it ferwachtet, sûnder ynlieding of oankundiging, samar ynienen, hastich, ûnferwachts, hommels, hookstrooks. Yn it Nederlânsk: plotseling, hals over kop. “Hy moast halje-trawalje nei it sikehûs.”

Wêr komt it wei?
Trawalje, komt fan it Frânske wurdt travail dat arbeid, ynspanning of drokte betsjut. Mar it betsjut ek reis. “Juster moasten wy in boekekast ferpleatse. Dat wie in trawalje!”, of “Us mem hat sa’n trawalje hân.” – Us mem hat in swiere reis hân.

Yn it Nederlânsk is de útdrukking ek bekend en betsjut er itselde. Fanâlds wurdt in needstal foar hynders om harren te beslaan ek travalje neamd. In travalje is ek in martelwurktúch.

Wêr’t it ‘halje’ no krekt weikomt is my net hielendal dúdlik. It klinkt fansels moai en it rimet mei ‘trawalje’. Neffens Atte Jongstra komt it fan ‘allez’ en soe ‘halje-trawalje’ fan it Frânske ‘alléz travailler’ – oan it wurk gean –  komme en is it ûntstien yn de Frânske tiid.*

(*Boarne: resinsje yn de NRC fan Atte Jongstra oer: Nicoline van der Sijs, red.: Taaltrots. Purisme in een veertigtal talen.  8 okt. 1999)

Mear fergetten wurden
Tongersdei 2 septimber is der wer ín ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.