It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 12 oktober is ‘Skewiele’

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
12 oktober 2023
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd ‘Skewiele’.

Oersetting
Ned: inschikken, bijstaan, steunen, ter wille zijn
Eng: to accomodate, to support, to please

Betsjutting
– (jin) nei eat skikke ynskikke
– út goedgeunstichheid eat leverje tsjin in legere priis
– helpe om in doel te berikken, bystean, geriivje
– steun jaan, stypje

Wêr komt it wei?
Skewiele betsjut dus immen helpe, ta stipe wêze, ynskikke. Dêr komt ek in wurd ‘skewiel’ wei dat ‘schoor’ of ‘steunbalk’ betsjut. Yn it Nederlânsk is ek it wurd ‘schavielen’ of ‘schavelen’ bekend. Dat betsjut ‘opskowe’, ‘slite’, ‘alles opromje’. It waard ek yn de skipfeart brûkt foar it rjochtsjen fan de seilen. In wat oare betsjutting as yn it Frysk dus, mar yn it ‘opskowen’ fynst wol de betsjutting fan ‘ynskikke’ werom en by it rjochtsjen fan de seilen ek. Dêr kinst ek de betsjutting fan ‘stypje’, ‘bystean’ oan ferbine. It wurd soe úteinlik wer werom te bringen wêze ta it Frânske ‘écheveau’: haspel, tried. Yn de betsjutting fan ‘ôfhaspelje’, ‘út de tiis helje’, ‘skikke’, ‘romte meitsje’.

It is in moai Frysk wurd, dat wy ek yn it deistich libben wol wer wat mear brûke meie en yn de praktyk bringe meie. Der mei wol wat mear ‘skewield’ wurde.

Mear fergetten wurden?
Tongersdei 16 novimber is it wer tiid foar in nij ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.