It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 16 novimber is ‘Brimstich’

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
16 novimber 2023
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd ‘Brimstich’.

Oersetting
Ned: korzelig, knorrig, humeurig, nors
Eng: crusty, surly, pettishly, unkind

Betsjutting
Samar rekke, noartsk en kiezzich

Wêr komt it wei?
Yn âldere wurdboeken komme wy neist de betsjutting dat it wurd no hat, nammenltik noartsk en koartôf, ek in oare betsjutting tsjin fan brimstich en dat is: ‘teeldriftig’ en ‘tochtig’ fan bisten. Bygelyks fan kij (dêr wurdt no meastal ‘deunsk’ foar brûkt). En yn dy betsjutting sit de oarsprong fan ‘brimstich’. Yn it Nederlânsk en dan benammen yn de dialekten fine wy it werom as ‘bremstig’. Dat betsjut ‘bronstig zijn’, ‘paardriftig’, ‘geil’. It is mooglik ôflaat fan it tiidwurd ‘bremsen’ dat ‘brullen’, ‘brommen’ en ‘briesen’ betsjut. Dat dogge bisten fansels faak ek as se ‘bronstig’ – yn it Frysk ‘jachtich’, ‘joeisk’ of ‘djoeisk’ – binne, mar in bettere ferklearring is dat it fan it Middelnederlânsk ‘bronst’ of  Middelheechdútsk ‘brunst’ komt, yn de betsjutting fan ‘brân’ of ‘gloed’. En dat is fansels ek tige oannimlik. It is in Germaansk wurd, dat ek in Ingelsk fariant mei ‘to brim’ hat: it joeisk wêzen fan bargen.

Yn Flaanderen is der yn 2006 in artikel skreaun mei de titel: “Bronstige En Brimstige Beesten Op de Boerderij: De Benamingen Voor de Paringsdrift in de Vlaamse Dialecten.”
Ik wit net hoe’t it jim fergiet, mar ik ha no dochs wat oare assosjaasjes mei it wurd ‘brimstich’ as foarhinne. Ik moat no suver gnize as ik tsjin immen sis: “Wat sjochst brimstich!”

Mear fergetten wurden?
Tongersdei 14 Desimber is it wer tiid foar in nij ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.