It Frysk is de taal fan de wike op @EuroDigitalLang

Frije tiid Leare & ûnderwiis Minority languages Oer it Frysk Op it wurk
21 april 2022
Fan 20 oant en mei 26 april 2022 fersoarget Mirjam Vellinga fan de Afûk de berjochtjouwing fia it rûlearjende twitter-akkount @EuroDigitalLang. Dat platfoarm ûndersiket hoe't technology brûkt en ynsetten wurde kin om Europeeske minderheids - en/of regionale talen nij of mear libben yn te blazen. Doel fan de Twitter-kampanje is it fergrutsjen fan de sichtberens fan de ferskate (lytse) talen en kultueren en nije generaasjes brûkers fan dy talen oan te sprekken.

Alle wiken is der in oare kampanjedielnimmer fan in Europeeske minderheidstaal of – gebiet dy’t it Twitter-akkount beheard. As projektlieder Taalpromoasje en ynternasjonale projekten by de Afûk byt Mirjam Vellinga it spits ôf fanút Fryslân oer it Frysk en it wurk fan de Afûk. Nijsgjirrich? Folgje @EuroDigitalLang, lês it ynterview fan Rising Voices mei Mirjam hjir en sjoch foar mear ynformaasje oer it projekt ek op rising.globalvoices.org.