Habtamu de Hoop skriuwt it Frysk diktee 2022, foto: Julian Kock

It Grut Frysk Diktee werom mei in nije edysje

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
28 maart 2022
Gnyskje, nútsjesmoar en krûpelhintsje. It Grut Frysk Diktee is werom mei in nije edysje. Dat is foar it earst sûnt It Grut Frysk Diktee yn 2018 op it Aldehoustertsjerkhôf wie, mei in rekôrtal dielnimmers. Op tiisdei 17 maaie wurdt It Grut Frysk Diktee wer as fan âlds hâlden yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. Kwalifisearje foar it diktee kin fan hjoed ôf fia it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl.

Politikus Habtamu de Hoop skriuwt dit jier de dikteetekst, dy’t as tema ‘sport’ hat. ‘’Ik fynt in geweldige ear dat ik it diktee skriuwe mei. Ik fyn it hiel belangryk foar it befoarderjen fan it Frysk en it is moai dat ik sa dêr in bydrage oan leverje kin’’, seit de politikus.

Omrop Fryslân soarget ek diskear wer foar de registraasje en de útstjoering fan it diktee. Dy is op woansdei 18 maaie.

Kwalifikaasjediktee
Minsken dy’t op 17 maaie mei dwaan wolle oan It Grut Frysk Diktee, moatte har dêrfoar kwalifisearje. Fan 28 maart oant 24 april kinne minsken online meidwaan oan it kwalifikaasjediktee. Dat kin op www.fryskdiktee.nl. De bêste 15 dielnimmers meie meidwaan oan It Grut Frysk Diktee.

Organisaasje
It Grut Frysk Diktee wurdt organisearje troch de Afûk, it Sintrum Meartaligens fan it Cedin, de Fryske Akademy, de Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer it Grut Frysk Diktee is te finen op www.fryskdiktee.nl.