It nije skoaljier: tsjek yn by Spoar 8 en Searje 36
Foar it basisûnderwiis: start Spoar 8 yn it nije skoaljier yn 3 stappen
Om Spoar 8 ek dit skoaljier wer goed brûke te kinnen moatte der trije dingen dien wurde.
Stap 1: skoalgegevens kontrolearje en oanfolje
De metoade noch net opnij besteld? Doch dat dan foar 1 septimber troch de skoalgegevens te kontrolearjen en oan te foljen op www.spoar8.frl/bestelle. Dêrnei wurdt de lisinsje jierliks automatysk ferlinge op 1 augustus.
Stap 2: digitale learomjouwing ynrjochtsje
Rjochtsje de digitale learomjouwing yn foar 1 oktober. Dat kin no ienfâldich mei in EDEXML-bestân út it learlingadministraasjesysteem. Let op: Spoar 8 kin pas troch learkrêften en learlingen brûkt wurde as de digitale learomjouwing ynrjochte is troch de skoalbehearder!
Stap 3: workshop oanfreegje
Ferlet fan útlis en begelieding? Freegje fergees in workshop oan foar (in diel fan) it team. Wy komme dan by jim op skoalle útlis jaan oer ynhâld, didaktyk en it brûken fan de fernijde digitale learomjouwing.
Tip: sjoch op www.spoar8.frl/help/nij-skoaljier foar handige stappeplannen en faak stelde fragen. Mar wy helpe jim ek graach fia 058 234 30 70 of spoar8@afuk.frl.
Foar it fuortset ûnderwiis: start Searje 36 yn it nije skoaljier yn 3 stappen
Om Searje 36 yn it nije skoaljier (wer) goed brûke te kinnen folgest dizze trije stappen.
Stap 1: skoalgegevens kontrolearje en oanfolje
De metoade noch net opnij besteld? Doch dat dan foar 1 septimber troch de skoalgegevens te kontrolearjen en oan te foljen op www.searje36.frl/bestelle. Dêrnei wurdt de lisinsje jierliks automatysk ferlinge op 1 augustus.
Stap 2: digitale learomjouwing ynrjochtsje
Rjochtsje de digitale learomjouwing yn foar 1 oktober. Dat kin no ienfâldich mei in EDEXML-bestân út it learlingadministraasjesysteem en giet dus oars as oare jierren! Let op: Searje 36 kin pas troch learkrêften en learlingen brûkt wurde as de digitale learomjouwing ynrjochte is troch de skoalbehearder!
Stap 3: LinKk bestelle
LinKk ferskynt seis kear yn it jier en heart by de lessen Frysk foar klasse 1. It stiet fol mei ynterviews, celeb-roddels, proaza, gamenijs en oare linke saken. Bestel it tydskrift op www.searje36.frl/bestelle.
Tip: sjoch op www.searje36/help/nij-skoaljier foar handige stappeplannen en faak stelde fragen. Mar wy helpe dy ek graach fia 058 234 30 70 of searje36@afuk.frl.