It ynternasjonale LISTEN-projekt oer taalpsychology hat in eigen website

Leare & ûnderwiis Minority languages Oer it Frysk
25 novimber 2020
It LISTEN-projekt hat in eigen meartalige website. It projekt hat as doel om minderheidstalesprekkers hanfetten te jaan om harren taal mear en faker te praten, ek yn sitewaasjes wêrby't it net altyd wis is oft de oar him of har wol ferstiet. Yn it ramt fan it projekt wurde yn ferskate taleregio's treningen ûntwikkele om minsken ynsjoch te jaan yn harren taalgedrach en taalgewoantes.

De Afûk ûntwikkelet treningen foar Fryslân. De treningen wurde mei yngong fan takom jier (jannewaris 2021) jûn oan sawol partikulieren as bedriuwen en organisaasjes. Belangstellenden kinne kontakt opnimme mei Mirjam Vellinga.

Mear ynformaasje is te finen op de website fan PraatmarFrysk.

Sjoch foar mear ynformaasje oer it folsleine projekt en de projektpartners op de website fan it LISTEN-projekt.