Foto: argyf heit&mem

Jim foto yn de heit&mem?

Frije tiid
31 maart 2023
Heit&mem is ít tydskrift foar alle heiten en memmen en papa's en mama's mei bern fan 0-12 jier. It tydskrift ferskynt twa kear jiers as papieren magazine en hat ferskate digitale tema-edysjes. Mar heit&mem hat ek in nijsgjirrige website en is dêrnjonken hiel aktyf op de ferskate socials. Heit&mem kommunisearret yn it Frysk én it Nederlânsk en is altyd fergees. Foar de nijste edysjes is de redaksje fan heit&mem op syk nei foto's fan bern yn harren hutte, (smûke) foarlêsplakje en/of mei harren favorite boek. Stiet dyn/jim bern aanst yn de heit&mem?

Hutten
Yn de simmer ferskynt der wer in moai nij simmer-nûmer fan it tydskrift. Dêr wol de redaksje graach moaie foto’s fan de hutten fan jim bern yn hawwe! Dit kin om in beamhut gean, in hutte efter yn de tún, of miskien yn de bosk? Mar ek hutten gewoan lekker thús ûnder de keukentafel binne fan herte wolkom! Hasto in moaie foto? Sjoch foar mear ynformaasje en it uploaden fan dyn foto hjir.

Us foarlêsplakje
Foar de ‘Lês-mar-foar’-edysje fan heit&mem dy’t yn augustus ferskynt is de redaksje op syk nei moaie foarlêsfoto’s. Lêsto dyn bern wolris foar? Of meie dyn bern sels graach lêze? Hoe en wêr dogge jim dat? En ha jim dêr in moaie foto fan? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje en it uploaden fan dyn foto.

Myn favorite berneboek
Hat dyn bern in favorite berneboek? Ast in foto uploadst fan dyn bern mei syn of har favorite berneboek, dan komt dy miskien wol yn de ‘Lês-mar-foar-edysje’ fan heit&mem te stean.  Upload dyn foto hjir en fertel ek wêrom as krekt dat boek sa moai is!

Sjoch ek op www.heitenmem.nl foar allerhanne oare ynfo en/of folgje heit&mem op facebook, instagram en/of pinterest.