Kampanje foar pakes en beppes: Praat mar Frysk, ek mei dyn bernsbern

Frije tiid Oer it Frysk
8 jannewaris 2024
Fan 9 o/m 23 jannewaris is der ekstra omtinken foar de pakes en beppes yn Fryslân. Mei de pake & beppe-kampanje wol de Afûk (oansteande) pakes en beppes bewust meitsje fan de bysûndere rol dy’t sy spylje kinne yn de taalûntwikkeling fan harren bernsbern. As mei-opfieder kinne pakes en beppes de twa- of meartalige ûntwikkeling ekstra stimulearje, hielendal as sy geregeld oppasse. Boppedat kinne sy de Fryske taal dochs oan harren bernsbern meijaan, as dy benammen yn it Nederlânsk grutbrocht wurde.

Yn de kampanjeperioade hingje rûnom yn de provinsje posters mei de fraach ‘Wurdsto pake of word jij opa?’ en ‘Wurdsto beppe of word jij oma?’. Op www.pakebeppe.frl is mear ynformaasje te finen en wurde tips jûn foar it stimulearjen fan de twatalige ûntwikkeling.

De start fan de pake&beppe-kampanje is op sneon 13 jannewaris om 11 oere by Van der Velde Boeken yn Snits. Jan Arendz sil dan foarlêze út It Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek fan Mirjam van Houten. Dat prachtige nije foarlêsboek bestiet út mear as tweintich foarlêsferhaaltsjes, spesjaal geskikt om foarlêzen te wurden troch pakes en beppes oan bern fan 2 oant en mei 6 jier. Mei in QR-koade yn it boek kinst de ferhaaltsjes ek noch belústerje. De ferhalen binne ynsprutsen troch Hilly Harms, Leny Dykstra, Jan Arendz en Joop Wittermans.

Ek dy oare foarlêzers lêze live foar:
– Op freed 19 jannewaris om 11.00 oere lêst Leny Dykstra foar yn de Afûkwinkel yn Ljouwert
– Op sneon 20 jannewaris om 11.00 oere lêst Joop Wittermans foar by Van der Velde Boeken yn Drachten
– Op sneon 27 jannewaris om 11.00 oere lêst Hilly Harms foar by Boekhandel Burgum.

Spesjaal foar de pakes en beppes dy’t oppasse (sille) is in prachtige ‘oppastas’ te keap, mei dêryn It Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek, in kuierbingo, in boekje mei oppastips en oare aardichheidsjes. In moai kadootsje foar oansteande pakes en beppes of as in tankjewol foar al it oppassen! De tas is te keap yn de Afûk Fryske Boek- en kadowinkel en fia websjop.afuk.frl.