©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf

Karavaan van de Vriendschap reizget hiel Fryslân troch

Frije tiid
10 septimber 2021
Mei yngong fan 10 septimber is de Karavaan van de Vriendschap wer ‘on tour’. Nei yn 2020 alle stedswiken en doarpen fan de gemeente Ljouwert oandien te hawwen, wol Simon Vuyk, inisjatyfnimmer fan de Karavaan, fan no ôf de rest fan Fryslân op syn bakfyts in besite bringe. Hy fytst mei û.o. trûbadoer Bruno Rummler en de dûnseressen Colinda Zandberg en Annalies Muurling elke earste freed fan de moanne troch de provinsje. Underweis stiet freonskip sintraal. Spontane moetingen wurde ôfwiksele mei besites oan âldereinsintra, buerthuzen of lokaasjes mei bern, as antwurd op iensumheid yn de maatskippij. Ferhalen fan freonskip wurde fêstlein troch de Afûk en meinommen de wide wrâld yn. Spesjaal haakte Blomkes fan de Freonskip wurde trochjûn.

Earste etappe
Freed 10 septimber giet de earste etappe om 9.15 oere fan start mei in rariteite-optocht troch basisskoalbern, dy’t as in lange stoet oan de bewenners fanWoonZorgCentrum Foswert yn Ferwert foarbygean sil. De dei einige yn Dokkum. Benijd hoe’t it wie? Lês dan Karavaan van de vriendschap, weromblik 1e etappe Ferwert – Dokkum.

Lês hjir oer en/of beharkje it ynterview mei Simon Vuyk op Omrop Fryslân Radio.

Twadde etappe
De twadde etappe start op 1 oktober yn De Westereen, gemeente Dantumadiel, en einiget yn de streek Trynwâlden, by Oentsjerk yn Tytsjerksteradiel. Yn De Westereen sille bern fan de basisskoalle en meiwurkers fan Talant dwaande mei it oppimpen fan it doarpsplein: mei syn allen sille se de ôffalbakken yn hippe kleuren fervje. Yn De Westereen en yn de Trynwâlden sil it Freonskipspakt troch in ôffurdiging fan de kolleezjes fan B&W fan Dantumadiel en Tytsjerksteradiel ûndertekene wurde.

Tredde etappe
De tredde etappe begjint yn Tytsjerksteradiel en giet op 5 novimber nei Achtkarspelen.