Kom nei de Afûk mei Uit in Huis op sneon 9 septimber

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
24 augustus 2023
Op sneon 9 septimber iepenje de kulturele ynstellingen yn Ljouwert it nije kulturele seizoen mei it Uit in Huis Festival. Hast alle organisaasjes sette de doarren wagewiid iepen om dy fergees yn 'e kunde komme te litten mei harren oanbod! Fansels docht de Afûk ek mei! Wy sette de doar iepen en biede hielendal fergees de workshop 'Frysk & Fryslân' oan. Set 'm yn dyn aginda, reservearje no alfêst de leukste workshops en aktiviteiten en wês derby!

De Afûk biedt mei Uit in Huis twa kear in workshop ‘Frysk & Fryslân’ oan! In leuke tagonklike manier om yn ‘e kunde te komen mei it learen fan it Frysk en om noch mear te witten te kommen oer de Fryske taal en Fryslân. De workshops binne om 11.00 oere én om 14.00 oere yn de Afûk-winkel yn Ljouwert. Reservearje hjir in plakje foar de workshop!

Yn de workshop ‘Frysk en Fryslân’ fertelle wy jim yn goed in oere oer de ûntsteansskiednis fan it Frysk en leare wy jim oer de Fryske taal en de ferskate dialekten dy’t it Frysk ryk is. We nûgje jim út om aktyf diel te nimmen oan diskusjes oer bygelyks de status fan de taal en om mei-inoar te dielen wat no krekt sa moai is oan Fryslân en it Frysk. Ek biede wy jim in miny-kursus fan de Fryske taal!

De workshop yn ‘e moarntiid (11.00 oere) is geskikt foar wa’t gjin Frysk praat en/of ferstean kin. Dy workshop wurdt yn it Nederlânsk jûn en befetten de begjinsels fan de kursus ‘Lear Mar Frysk’ (ferstean/sprekke).
De workshop middeis (14.00 oere) is geskikt foar Frysktaligen. Dy workshop wurdt yn it Frysk jûn en dêr is ek omtinken foar it Frysk Skriuwen.

Mear ynformaasje oer it hiele programma fan sneon 9 septimber fynst op de website fan Uit in Huis. Wolst fuortdaalk de workshop by de Afûk reservearje, dan kin dat hjir. Der is plak foar maksimaal 20 persoanen per workshop en fol=fol!

Neist de workshops, biedt ek Leeuwarden City of Literature in aktiviteit oan yn de Afûk-winkel: twa kear in oere lang ‘Boeken op resept’ fan de Culturele Apotheek! Reservearjen dêrfoar is net nedich.

Tiidskema:
11:00 -12:00 oere: Workshop Frysk & Fryslân (Nederlands)
12:30 -13:30 oere: De Culturele Apotheek (City of Literature)
14:00 -15:00 oere: Workshop Frysk & Fryslân (Frysk)
15:30 -16:30 oere: De Culturele Apotheek (City of Literature)
Lokaasje: Afûk Boek- en kadowinkel – Boterhoek 3, 8911 DH, Ljouwert.