Foto: Istock

Corona, korona of koroana?

Frije tiid Oer it Frysk
3 april 2020
De Fryske Akademy hat in wurdlist opsteld mei frekwinte wurden dy't te meitsjen hawwe mei de koroanaútbraak. De list wol advys jaan oer de skriuwwize fan de nije wurden dy't yn ferbân mei de koroanakrisis ûntstien binne. De wurden yn de list binne stavere neffens de regels dy't de Provinsje Fryslân yn 2015 fêststeld hat.

De list jout foar it Frysk it advys om corona as koroana te skriuwen, omdat de lange oo yn in wurdlid dêr’t de klam op falt al gau as oa útsprutsen en dêrom ek mei oa skreaun wurdt. De skriuwwize koroana slút sadwaande oan by de stavering fan wurden as soan, gewoan, ammoanium, begoania.

De list is te finen op de website fan de Fryske Akademy en sil as it nedich is geregeld aktualisearre wurde: https://www.fryske-akademy.nl/koroanawurdlist.

Ek Henk Wolf, taalkundige, sette foar de Moanne syn tosken yn it koroanafirus. Lês hjir syn bydrage.