Foto: argyf Afûk

Kultureel libben moat Fryslân yn beweging hâlde

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
29 novimber 2019
In bloeiend kultureel libben dat soarget foar beweging yn de Fryske mienskip. Dat is wêr’t de provinsje Fryslân har op rjochtet mei de nije beliedsnota Nij Poadium foar de perioade 2021 oant en mei 2024. Yn dat plan steane ambysjes foar keunst, kultuer, taal, ûnderwiis en erfgoed. Dy freegje foar de hiele perioade om in ynvestearring fan 144.710.500 euro.

Ûnderdiel fan it belied binne fiif programmalinen. Grut & Grutsk rjochtet har op kulturele produksjes dy’t passe binnen LF2028, de fuortsetting fan Kulturele Haadstêd. De programmaline Ynnovaasje en eksperimint giet oer fernijende inisjativen dy’t in bydrage leverje oan maatskiplike fraachstikken lykas duorsumens of leefberens. Mei Kultuer yn ‘e mienskip wol de provinsje keunst en kultuer berikber meitsje foar elkenien. Taal & identiteit moat in ympuls jaan oan it fertellen fan ferhalen yn Fryslân. By de lêste programmaline Ferhaal fan Fryslân stiet it ferbinen fan erfgoed en kultuer sintraal.

Ekstra ynvestearrings
De provinsje ynvestearret mei Nij Poadium ekstra yn taal, kultuer en erfgoed. Yn de perioade fan 2021 oant en mei 2024 is boppe op de strukturele bedraggen 3,2 miljoen euro it jier ekstra beskikber foar kultuer, 2 miljoen it jier ekstra foar de Fryske taal en 1,1 miljoen foar erfguod.

Deputearre Sietske Poepjes: “De Fryske taal en kultuer binne wichtige dragers fan ús identiteit, fan wa’t wy binne. Boppedat soargje se derfoar dat Fryslân brûst. It kulturele haadstêdjier hat dat sjen litten. Mei dit belied wolle wy derfoar soargje dat wy dat fêsthâlde. Net allinne mei kulturele produksjes, mar ek mei ús prachtige erfgoed, Fryske taal en de ûntelbere geweldige ferhalen dy’t der oer Fryslân binne”.

Advyskommisjes
Nij binne de regeling Keunst en de regeling Musea. Organisaasjes kinne fan febrewaris 2020 ôf in plan yntsjinje om foar provinsjale finansiering fan fjouwer jier yn ‘e beneaming te kommen. In onôfhinklike advyskommisje advisearret de provinsje wa’t yn oanmerking komt foar subsydzje. Om-en-de by1 july 2020 krije de oanfregers in antwurd op de oanfraach.

It beliedsplan Nij Poadium is in ferfolch op de notysje Kultuer oan ‘e Kime dy’t yn desimber 2018 troch Provinsjale Steaten fêststeld is. Provinsjale Steaten behannelet de beliedsnota op 22 jannewaris 2020.

Parseberjocht Provinsje Fryslân d.d. 25 novimber 2019