Kursus foardrachtskeunst 2019 ‘As stiennen prate koene’

Frije tiid
13 septimber 2019
Yn de hjerst fan 2019 organisearret Tresoar yn oparbeidzjen mei Tryater in kursus foar proazaskriuwers, dêr’tst alles learst oer foardrachtskeunst, presintaasje en performance. It giet benammen oer de foardracht fan dyn ferhalen: de ferskate wizen fan stimgebrûk en it ynsetten fan stilte. In goede foardrachtskeunstner brûkt teatertechniken en fertelstilen om de tekst oer te bringen.

Nei trije jûnen meie de kursisten ek echt har keunsten sjen litte oan it publyk. Op freed 15 novimber is nammentlik in provinsjale ferhalejûn. Oeral yn Fryslân wurde yn in soartemint fan Winterjûnenocht ferhalen ferteld op plakken lykas hûskeamers, musea, kafees en oerheidsgebouwen. De kursisten meie har ferhalen 15 novimber hearre litte yn OBE, dêr’t op dat stuit de tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’ is. Yn bettere fuotleasten kinne jo net stean.

Foar dizze kursus is it needsaaklik datst al in pear ferhalen klear hast op de earste kursusjûn. It tema fan de provinsjale ferhalejûn en dus ek foar dizze kursus is ‘As stiennen prate koene’. Lit dyn ferbylding gean en tink dy ris yn as bygelyks de stiennen fan in tsjerke, asylsikerssintrum of sikehûs tsjin dy prate koene. Sjoch foar mear ynformaasje oer 15 novimber en it tema op www.verhalenavond.nl.

De kursus is bedoeld foar proazaskriuwers yn it Frysk of in streektaal dy’t net in soad ûnderfining hawwe mei it presintearjen fan jins eigen wurk foar in publyk. Graach opjaan by Tresoar, sjoch hjirûnder. De uterlike datum foar opjefte is 17 oktober.

Kursusdata: tongersdei 24 & 31 oktober, tongersdei 7 novimber en ferhalejûn freed 15 novimber.
Tiid: 19:30-21:30 oere.
Lokaasje: Tryater, Oostersingel 70, Ljouwert. Ferhalejûn yn OBE.
Kosten: €30 foar alle jûnen.
Oantal dielnimmers: minimaal fiif.
Opjefte: meindert.reitsma@tresoar.nl / ynfo@tresoar.nl of 058-7890758 / 058-7890740 / 058-7890792.