Kursussen Frysk foar amtners gemeente It Hearrenfean

Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
28 jannewaris 2019
'Praat mar Frysk! Mear as 50 meiwurkers fan @Heerenveen binne dwaande mei in kursus Frysk. Ferstean, prate of skriuwe, mar krekt wêr’t se it measte oan hawwe. Jo kinne tenei noch faker yn de memmetaal by ús terjochte!' Sa twitteret gemeente It Hearrenfean. Leuk! Sjoch ek it parseberjocht op www.heerenveen.nl. Praatsto en skriuwsto ek de taal fan dyn klant? Wolst mear witte oer in kursus Frysk foar dyn bedriuw of ynstelling? De kursusorganisaasje fan de Afûk ynformearret dy der graach fierder oer. Sjoch foar mear ynformaasje op http://kursus.afuk.nl/frysk-op-de-wurkflier/. Ek foar alle oare ynformaasje oer it wiidweidige kursusoanbod fan de Afûk giest nei afuk.kursus.nl.