Lampje giet no ek as Lampke troch it libben

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis
13 maart 2023
By útjouwerij Afûk is de Fryske oersetting fan Lampje, it populêre berneboek fan Annet Schaap, ferskynd. De bysûndere dochter fan de fjoertoerwachter hjit yn it Frysk Lampke. De Fryske oersetting fan it boek is makke troch Rymke Zijlstra.

‘Mei Lampje hie ik der fuortendaliks in nij leaflingsboek by. It lêst as in modern en tagelyk tiidleas mearke.’ – Tialda Hoogeveen, berneboeke-ambassadeur

Lampje ferskynde yn 2017 en waard yn 2018 bekroand mei de Gouden Griffel, de Woutertje Pieterse Prijs en de Nienke van Hichtum-prijs. Maas Theater/Dans makke der in muzykteäterfoarstelling fan en by de VPRO ferskynde koartlyn noch de fjouwerdielige searje Lampje.

Ynhâld
Dit is in ferhaal oer de see. Oer geheimsinnige seewêzens en woeste piraten. Oer it Swarte Hûs fan de Admiraal, dêr’t se fan sizze dat der in meunster wennet. Oer in grize fjoertoer op in eilân dat noch krekt fêstsit oan it fêstelân. Oer Lampke, de dochter fan de fjoertoerwachter, dy’t alle jûnen de ienensechstich treden yn de fjoertoer opklimt om it ljocht oan te stekken. Oer in stoarmachtige jûn, as de lúsjefers op binne en alles misgiet. Mar foaral is it in ferhaal oer dapper wêze en mear kinne as datst oait tocht hiest.

Boekgegevens
Lampke
Auteur: Annet Schaap
Oersetting: Rymke Zijlstra
Utfiering: ynbûn
ISBN: 978 949 3318021
Tal siden: 328
Ferkeappriis: € 19,99
www.websjop.afuk.frl