‘Anno N. fersus skoalbern’ is in edukatyf en Frysk escape(class)roomspul foar alle groepen yn it basis ûnderwiis. Slagget it de learlingen om út de greep fan Anno N. te kommen en troch gearwurking yn te sjen dat neisteleafde liedt ta frijheid?

It aktiviteiteprogramma is geskikt foar de folsleine basisskoalle. It ferhaal en de fideo’s wurde op trije nivo’s oanbean; ûnder-, midden- en boppebou. It programma kin as kant-en-klearpakket brûkt wurde troch basisskoallen, mar de byhearrende opdrachten kinne ek per klas op maat oanpast wurde.

It programma omfettet trije fêste mominten fan ûngefear 1 oere. Dizze mominten fine yn ien wike plak op trije oan-ien-slutende dagen. Elts momint wurdt ynlaad en ôfsletten mei in fideo út in nijsútstjoering.

De earste twa dagen wurdt it programma yn de eigen klasse útfierd en op dei 3 folget de grutte ûntknoping. Hjir moat al it wurk, de opdrachten én de antwurden fan álle klassen by inoar komme om ien mienskiplike puzzel op te lossen en om de skoalle definityf út de greep fan Anno N. te hâlden.

Tema’s dêr’t oan wurke wurdt

  • Underbou: mei-inoar boartsje, diele én gearwurkje
  • Middenbou: ynsicht yn it eigen gefoel en dat fan in oar, gearwurkje en oerlizze
  • Boppebou: ynsicht yn it eigen gedrach en de gefolgen foar oaren, gearwurking en neisteleafde

Opjaan foar it projekt

Oer it projekt

Anno N. is in gearwurking fan:
Afûk, Omrop Fryslân, Friesland College

yn gearwurking mei:
Grendel Games, Spellekijn, Friesland Boeit