De ko, de terp fan Hegebeintum, Domela en Piter Jelles. Samar trije fan de 11&30 (41) finsters fan de Kanon fan Fryslân. De Fryske kanon is ûntwikkele nei oanlieding fan de Nederlânske kanon. It projekt bout de finsters fan de Nederlânske kanon út mei Fryske aspekten, bringt ferdjipping en biedt spesifike finsters foar de Fryske skiednis.

De kanon fan Fryslân yn 11&30 finsters is bedoeld foar elkenien dy’t ynteressearre is yn de Fryske kultuer en skiednis, en yn it bysûnder foar learlingen en dosinten yn de boppebou fan it basisûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Mear oer de Fryske kanon fynst op: 11en30.nu.