Alle jierren yn septimber wurde de Lês-mar-foar-wiken organisearre. Yn dy perioade wurdt yn it foarskoalsk ûnderwiis, it primêr ûnderwiis en fia de biblioteken ekstra omtinken frege foar it foarlêzen yn it Frysk, om der foar te soargjen dat safolle mooglik bern fan 2 o/m 8 jier sa faak mooglik yn it Frysk foarlêzen wurde.

Alle basisskoallen krije foarôfgeand oan de Lês-mar-foar-wiken in Keimpe-boekje tastjoerd mei ferhaaltsjes en spultsjes oer Keimpe de Krokodil en syn freontsjes. Yn 2023 is dat mei it tema ‘by ús thús’. Fan it skoaljier 2023-2024 ôf kinne skoallen dêrby ek it Lês-mar-foar-pakket besoarge krije. It pakket bestiet út it nijste Keimpe-boekje, 3 moaie Fryske (foar)lêsboeken dy’t passe by it tema fan de Lês-mar-foar-wiken, tips en suggestjes by de boeken én Keimpe syn boekedeiboek wêryn’t bern/âlders in foto opplakke kinne fan as se oan it lêzen binne. It pakket komt yn in duorsum linnen taske. Jou it taske om beurten mei de learlingen mei nei hûs, sadat se thús ek yn ’e kunde komme kinne mei moaie Fryske boeken. It pakket is alfêst te reservearjen foar groep 1-2 en groep 3-4.

Fierders binne der foar de LMF-wiken ek aktiviteiten, produkten en materiaal makke foar it foarskoalsk ûnderwiis en foar thús.