By de Lêsline en Lessesearjes yn Spoar 8 fine learkrêften metoadebûne toetsen en selsevaluaasjes fan Grip. De metoade-ûnôfhinklike observaasjeynstruminten fan Grip binne hiel geskikt om de taalûntwikkeling yn bygelyks Taalaktiviteiten en Tram- en Treinopdrachten te folgjen. Fierder binne ek de lêsbegryptoetsen en de Frisia-toets foar stavering en grammatika beskikber yn Spoar 8.
Grip biedt in ferskaat oan evaluaasjeynstruminten, dy’t learkrêften yn en neist Spoar 8 brûke kinne om de Fryske taalûntwikkeling te folgjen. It referinsjeramt Frysk (rrF) is dêrby it útgongspunt.