Mei FERS (it eardere Bibliotheek Service Fryslân), it Sintrum Frysktalige Berne-opfang SFBO en Cedin foarmet de Afûk de Tomke-wurkgroep. Meiinoar wolle sy soargje foar in rike, meartalige omjouwing dêr’t de taalûntwikkeling en de lêswille fan bern yn stimulearre wurdt. Tomke is al mear as 20 jier in begryp foar Fryske pjutten. Lês mear oer it Tomke-projekt op www.tomke.nl.