Underwiis yn it mbû betsjut mear as studinten allinne mar tariede op harren professy. Ek de persoanlike ûntwikkeling fan de studinten is in wichtich part fan de oplieding. It fak boargerskip spilet hjir in rol by.

Yn it fak boargerskip wolle wy, yn de mande mei Aeres, ROC Friese Poort en ROC Friesland College, omtinken jaan oan it taalbewustwêzen en de taalhâlding fan studinten. It oanbod dat wy dêrfoar mei inoar ûntwikkelje, bestiet út ferrassende aktiviteiten, ‘tradysjonele’ lessen en nijsgjirrige gastkolleezjes.