Dy opdrachten slute altyd oan op de beropspraktyk fan de studint (bygelyks fia harren staazjebedriuw). Sa soargje wy der meiïnoar foar dat it leartrajekt fan de studinten oanslút by it ferlet út de sektor en dat sy it learde ek fuortendaliks yn de praktyk bringe kinne.
Fansels kinne mbû-studinten ek wurkje oan harren taalfeardigens Frysk. Oan ‘e hân fan 40 generike lessen leare sy mear oer de stavering en grammatika en tagelyk wurkje sy oan oansprekkende praktykopdrachten.