Sa wurdt soarch persoanliker as it plakfynt yn de memmetaal fan de soarchfreger, fine toeristen it nijsgjirrich om mear te learen oer de (taal fan de) omjouwing dêr’t sy op besite binne en fiele klanten har mear oansprutsen as der kommunisearre wurdt yn harren foarkarstaal. Foar studinten yn alle rjochtingen is it dan ek wichtich om nei te tinken oer wat de rol fan meartaligens yn Fryslân yn harren wurk is en hoe’t sy dêr it measte en bêste úthelje kinne. Mei inoar sille wy op ûndersyk út en betinke wy weardefolle oplossingen foar alle sektoaren!
Ut ferskate ûndersiken docht bliken dat passend taalgebrûk op de wurkflier soarget foar sukses. It giet dêrby net allinne om de krekte wurdkar, mar benammen om it kiezen fan de taal dy’t it bêste oanslút by de gesprekspartner.