Oftraap BBA-projekt Súdwest-Fryslân, mei wethâlder Petra van den Akker. Foto: Petra Kroon

Fjirtich skoallen Súdwest-Fryslân krije besite Berneboeke-ambassadeur

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Leare & ûnderwiis
2 septimber 2022
Fan moandei 5 septimber ôf start Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra yn ’e gemeente Súdwest-Fryslân mei har toer lâns de fjirtich basisskoallen yn dy gemeente. De ôftraap wie freed 2 septimber de moarns op de Sint Martinusskoalle yn Makkum.

Prachtige gearwurking
Wethâlder Petra van den Akker hat freed 2 septimber symboalysk de earste Lêskoffer fan ’e gemeente yn ûntfangst nommen. Dat die se ûnder in feestlike ôftraap op ’e Sint Martinusskoalle yn Makkum. Dy skoalle hat har ferline jier as earste oanmeld. “De Berneboeke-ambassadeur is in supermoai projekt, dêr’t wy as gemeente graach oan meiwurkje,” fynt de wethâlder. “De takomst fan it Frysk leit by de bern. Dêrom is it ekstra belangryk dat wy harren entûsjast meitsje foar it lêzen fan it Frysk. En wa kin dat better dwaan as Lida, dy’t sels berneboekeskriuwster is!”

“Dit is in prachtige gearwurking,” seit Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra. “Alle basisskoallen dy’t dêr priis op stelden hawwe de Lêskoffer fol berneboeken fan ’e gemeente kado krigen.”

Foarlêze, fertelle en fragen beäntwurdzje
Lida Dykstra is sûnt 2020 Berneboeke-ambassadeur, in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Se hat yn dy funksje al op mear as hûndert skoallen west. Se komt yn sawol de ûnderbou, middenbou as boppebou del, mar krekt wat de skoalle sels wol. Lida lit de bern yn ’e kunde komme mei Frysktalige boeken. Dat docht se net allinne troch de boeken út ’e Lêskoffer foar te lêzen. “Ik bepraat de boeken ek mei de bern. Soms gean ik mei âldere groepen oan ’e slach mei in kreative skriuwopdracht.”

Elly Attema fan ’e Sint Martinusskoalle hat der sin oan. “Ik fyn it foar elk bern in boppeslach om op dizze wize mei Fryske boeken yn ’e kunde te kommen. Der giet niks boppe je lekker fuortsakje te litten yn ’e wrâld fan ferhalen; dêr is alles mooglik!”

Mear witte oer de Berneboeke-ambassadeur?
Gean nei https://berneboekeambassadeur.frl of besjoch it filmke.

De berneboeke-ambasssadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân.