Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Lêste skoaloptreden Lida Dijkstra as Berneboeke-ambassadeur

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Leare & ûnderwiis
15 desimber 2022
Nei 153 skoaloptredens troch hiel Fryslân, fersoarge Lida Dijkstra hjoed har lêste skoaloptreden as Berneboeke-ambassadeur op op sbû 'De Súdwester' yn Snits. Gemeente Súdwest-Fryslân en de Afûk ferrasten har yn it skoft mei in bosk blommen en wat lekkers foar de hele skoalle om koart stil te stean by it sukses fan har wurk as Berneboeke-ambassadeur de ôfrûne trije jier.

Op 25 jannewaris 2023 wurdt der, by de ynstallaasje fan de nije Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen, offisjeel ôfskie nommen fan Lida Dijkstra as Berneboeke-ambassadeur.

De Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân set har yn om lês- en boekewille te fersprieden, yn de breedste sin. De BBA bringt dêrfoar Fryske berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk, en jout de promoasje fan berneboeken in werkenber gesicht. De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân.

www.berneboekeambassadeur.frl