Ljouwert-Fryslân kandidaat City of Literature
As City of Literature wol Ljouwert-Fryslân literatuer noch better ûntslute, minderheidstalen en
ferhalen útljochtsje en mei help fan oersettingen in dialooch op gong bringe. Mei de ûnderfining fan ûnder oare Lân fan taal yn ‘e bûse binne der moaie plannen smeid. De Afûk makke diel út fan it team dat it bidbook skreaun hat en wol in aktive rol spylje yn de nije plannen foar de Fryske literatuer en literatuer yn Fryslân. Mear ynformaasje fynst hjir.